Iepenloftspullen Bantegea: de premjêre fan Weispield
Op de Tsjûkemar spûket it. En net in bytsje ek. Sa is der it ferhaal oer de Duvelsfaam en de dûmny en de sussen Marchje en Tsjûke, dy't der omspûke. Moarden, ûngelokken en doarpen dy't oerstreamd binne. Mar ja, oft se wier binne: wa sil it sizze? Op de boat nei Marchjepôle, dêr't it iepenloftspul Weispield plakfynt, besykje ferhalefertellers it publyk alfêst in bytsje bang te meitsjen. Ienkear feilich oan wâl sykje de besikers in plakje op de tribune en kin der dreamd wurde oer de Tsjûkemar.
Iepenloftspul Bantegea - Premiere
Yn de earste sêne bart der fan alles op it strân dat it dekôr is fan Weispield. Sa wurdt gelyk dúdlik dat we te krijen ha mei ferskillende lagen yn it stik. It ferhaal fan fersetsheld Lodo van Hamel is de reade tried wêryn't de ferdoarne sielen fan de Tsjûkemar foarbykomme.
Mar it publyk wurdt yn it ferhaal ek in pear kear ûnderbrutsen troch in oanstjitlike frou fan 'Willemsma, wonen aan het water'. Dit personaazje soarget derfoar dat eltsenien beseft dat it iepenloftspul sels ek in ûnderdiel fan it ferhaal wurden is en ferweve is mei dat fan Lodo. De fersetsheld sjogge we de iene kear yn in James Bond-achtige hoedanichheid en letter wurdt er troch de Dútsers oppakt.
De ferskillende personaazjes witte feilleas it publyk mei te nimmen yn de djippere lagen fan it ferhaal, wêrby't tûk gebrûk makke wurdt fan it wetter en it strân by de Marchjepôle. In grut houten keunstwurk fan in hân yn it wetter, dat foaral it plakje is fan de Duvelsfaam, stiet foar sawol in 'goeie', sa as we dat yn Fryslân sizze, as foar in seining fan God, wat fral slacht op de rêding fan Lodo van Hamel dy't der net komt.
Keunstner Bouke Groen hat de hân spesjaal makke foar dit iepenloftspul.

Tsjin healwei tolven, as it ferhaal fan Lodo ta in ein komt en dêrmei ek it iepenloftspul, besiket er hoop te hâlden. Hy wol syn freondinne Juniper wer sjen, mei har trouwe en har foarstelle oan syn âlders.
Hy mei net opjaan, seit er. "Der leit noch in hiele wrâld foar my, myn libben is noch net foarby. Ik ha noch in hiel aventoer foar my, dochs? Dochs?"
Nei in jûn fol ferrassende kearen, tragyske en hilaryske mominten, einiget it iepenloftspul mei it melodramatyske 'I have a dream'. It sil derfoar soargje dat minsken noch gauris oan it ferhaal fan Lodo van Hamel tinke en de spûkferhalen fan de Tsjûkemar. Want dy binne der net minder ing om wurden.