Springkonkoers Indoor Drachten hâldt op

Indoor Drachten hâldt der nei sân jier mei op. It springkonkoers keart werom nei Zwolle, it plak dêr't it evenemint earder ek al hâlden waard foardat it nei Drachten ferhûze. De reden is dat it bestjoer yn Drachten dermei ophâldt.
© Omrop Fryslân, René Koster
Indoor Drachten, ek bekend as it konkoers hippyk fan Drachten, wie in jierliks ynternasjonaal springkonkoers yn jannewaris dêr't nasjonale en ynternasjonale toppers opdraven kamen.
"Ik hoop van harte dat er iemand in Drachten opstaat om daar opnieuw een groot evenement te organiseren. Er is in het noorden voldoende animo voor paardensport", seit Emmy Poppelaars, dy't jierrenlang yn de organisaasje siet yn Drachten en it evenemint no yn Zwolle fersoargje sil. "Het is zonde dat zo'n groot evenement uit het noorden verdwijnt."