Kollum: "Unskuld"
"Ik kaam de ôfrûne wike ta de konklúzje dat ik de ûnskuld fan it libben mis. Troch de berjochten yn ferskate media waard ik fertrietlik fan alle beskuldigingen dy't oer en wer utere waarden. De boeren wiene wer ris oan bar. No bin ik gjin boer en gjin fûgeltsjefrou mar sa stadichoan fleane der mear mieningen troch de loft as fûgels, dus ik begryp wol dat dy bisten hjir leaver net mear komme wolle.
De Toan fan Hilda Talsma

Fansels is it goed om bewust te wêzen, mar it is spitich dat in hiele beropsgroep de sûndebok wurde moat. Der waard ek wiidweidich praten oer it feit dat libbene bargen yn kôkjend wetter goaid wurde yn guon slachterijen. Freeslik! Sokke bedriuwen moatte se drekt slute! Der is net in konsumint dy't dat wol en ik doar amper mear fleis te keapjen. It jildt ek foar suvel, griente, fruit, bôle, en fisk want oan alles hinget in ferhaal.
Ik yt it leafste sa sûn mooglik, mar wit bytiden eins net mear wat it bêste is. En doe betocht ik my ynienen dat ik skjin myn nocht fan al it gepraat ha en de ûnskuld mis. Ik moast der lang oer neitinke sûnt wannear't ik dat gefoel kwyt bin, mar ik wit noch wol dat ik it as bern field ha.
Wy hiene it der net oer wêr't it iten weikaam, mar it smakke goed en we wiene noait siik. Ik ha de ûntwikkeling fan it greidelân en de fûgels ek net bot meikrigen omdat ik út 'e bouhoeke kom, mar ik tink dat boeren en bedriuwen it doe al in stik makliker hiene. Immen koe syn berop útoefenje sûnder dat de hiele wrâld oer it skouder mei seach.
Miskien sjoch ik der te bot troch in rôze bril nei, mar ik ha it idee dat der doe mear fertrouwen wie, wylst no it wantrouwen de boppetoan fiert. Dat fyn ik spitich. Wêrom kinne we der net gewoan fanút gean dat de measten fan ús mei ear en gewisse har wurk dogge? Der binne altyd ûnferskillige hufters by, mar dat sil ek sa bliuwe.
Moatst de eagen net slute foar misstannen, mar ek net alles oer ien kaam skeare. De iene slachterij of boer is de oare net en ik ken echt boeren dy't begien binne mei de fûgels. We witte sa stadichoan ek wol dat tefolle fan eat faak net goed is, mar dy grins is al persoanlik. Tefolle wantrouwen is ek persoanlik en in bytsje mear respekt foar elkoar soene we wol brûke kinne.
Myn buorman is bakker en hat no in bakkerij yn Warten. Hy bakt de hearlikste dingen en ik frege it ôfrûne wykein eat oer yngrediïnten. Mar doe't ik nei hûs rûn betocht ik my dat ik it net hoech te witten. Ik fertrou derop dat er syn produkten mei leafde makket en as der gjin yngrediïnten opsteane, sitte der ek gjin kaloryen yn. Yn syn logo is ek in roek ferwurke, dus fûgels by 't soad op ús buert.
Miskien fynt in oar wol dat ik mei dit ferhaal myn kop yn it sân stek. Mar as we no alle ego's en ferhalen ek ris fleane litte, wêr draait it dan om? Om elkoar en de natuer leafdefol en mei respekt te behanneljen. En om de wrâld sûn achter te litten sadat alle lytse pykjes yn it folste fertrouwen en yn ûnskuld grut wurde kinne. Sa simpel is it, mar wêrom bart soks dan net? As men rispet wat men siedde hat, dan roppe we al dizze ellinde oer ússels ôf. Boer of gjin boer."