Man bout nepnêst foar jonge mûzebiter

Foar in jonge mûzebiter yn it Drents-Friese Wold is in nepnêst makke, omdat de fûgel út syn eigen nêst fallen is. Kees van der Klauw fûn de mûzebiter op de grûn njonken de beam dêr't it nêst sit. Hy hat it hat it nepnêst op gefoel boud.
© RTV Drenthe, Marike Goossens
Kees van der Klauw yn Weistra op Wei
Van der Klauw hat plestik fêstmakke om de beam hinne, sadat beamotters der net by kinne. Oer it nêst hinne hingje tûken, sadat it jong yn 'e lijte sit foar oare rôffûgels. Van der Klauw bringt de fûgel moarns en jûns deade mûzen. Hy hat kunde frege om ek safolle mooglik mûzen te sammeljen. "Het liefst neem ik ze direct mee want mijn vrouw wil ze niet in de koelkast", seit Van der Klauw.
Hy is der de kommende trije wiken noch wol mei ûnder de pannen. Tsjin dy tiid kin de jonge mûzebiter fleane en kin er it nêst fan syn heit en mem wer ynkomme.