Supporters Cambuur wolle jild fan provinsje foar nij stadion
Trije supportersgroepen fan SC Cambuur roppe de provinsje yn in brief op om mei jild oer de brêge te kommen foar de plannen foar in nij stadion yn Ljouwert. It giet om Kern van Cambuur, M.I.-side en Cambuur Culture. De brief fan de fans is rjochte oan Deputearre Steaten en oan alle Steateleden. Neffens de supporters is finansjele stipe op syn plak, fanwegen it grutte ekonomyske belang fan it projekt foar Ljouwert. Cambuur kin net sûnder in nij stadion, seit Cambuur Culture.

De supportsgroepen meitsje har bot soargen dat it mar net avesearret mei de plannen foar it nije stadion. Yn de brief neame de fans in oantal arguminten wêrom't in nij stadion de stipe fan de provinsje fertsjinnet. Sa soe in nij stadion oanlûkingskrêft hawwe op de regio: "Met de plannen ontstaat een leisure locatie die in het noorden van het land nog niet bestaat en een aantrekkingskracht heeft op de hele regio." Dêrnjonken soe it stadion foar flink wat wurkgelegenheid soargje, om't bedriuwen nei it WTC-gebiet komme wolle as dêr in stadion komt, sa tinke de supporters.
Hearrenfean
De Cambuur-supporters wize der ek op dat de provinsje earder foar de realisaasje fan Sportstêd Hearrenfean sawat 20 miljoen euro op it kleed lein hat. Dan is it wol sa earlik om ek Ljouwert te stypjen, fine de supportersgroepen. "Om iets meer een 'level playing field' te bereiken zou een financiële bijdrage van de provincie aan de uitvoer van de plannen in Leeuwarden dan ook zeker op zijn plaats zijn", beslute de se de brief.