FIDEO: Mei taksy Andor op 'en paad

Ferslachjouwer Andor Faber is de rêdende ingel no't it streekferfier plat leit troch de staking. Hy sil twa Friezen yn need helpe as taksysjauffeur.
Martin van der Meulen fan De Harkema en Janco de Vries út Garyp moatte nei Ljouwert, nei Stenden en de NHL.
Martin hat in eksamen Frysk, hy sit yn it twadde jier fan de pabo. Janco docht wurktúchboukunde en hat in tentamen wiskunde.
Taksy Andor op paad