Foarútsjen nei it Grut Frysk Diktee

It Groot Dictee der Nederlandse Taal is der net mear, mar yn Fryslân dogge we der krekt in flink skepke boppe-op. Woansdeitejûn is foar de earste en iennige kear it Grut Frysk Diktee yn 'e iepen loft by de Aldehou yn Ljouwert. Dit hat alles te krijen mei LF2018 en dêrom is it yn it Lân fan taal. It diktee is al ien kear ferskood yn ferbân mei it waar, mar no stean alle taffeltjes klear en sil it heve.
Johanna Brinkman is by de tariedings foar it Frysk Diktee

Dielnimmers

Foar it diktee ha ûngefear 600 minsken harren oanmeld. Dit is minder as ferline wike, omdat troch it ferskowen fan de datum in tal minsken wer ôfsein hat. Hindrik Sijens, sjueryfoarsitter, is wol tige bliid mei de opkomst. "Wy ha earst fansels wol wat twivels hân oft minsken harren wol oanmelde soenen. Mar ik bin bliid om te sjen dat safolle minsken de útdaging oangean wolle om te sjen hoe't it mei harren Frysk der foar stiet."

Nije opset

De sjuery hat foar dizze spesjale edysje in soarte fan finale betocht. "It kin sa wêze dat der net ien dúdlike winner komt oan de ein fan it diktee, omdat de tekst dit jier makliker en koarter is", seit Sijens. Dêrom hat de sjuery in spulelemint betocht. "Der komt in selekjesrûntsje wêrtroch't maksimaal seis dielnimmers oerbliuwe en dy spylje de finale tsjin elkoar. It giet dit jier dêrom net allinnich om goede stavering, mar ek om tiid."
© Lân fan taal

Lieske Salverda

Ferline jier is Lieske Salverda út Gytsjerk mei de priis nei hûs gong. Dit jier docht se wer mei, foar de sânde kear. "In jier lyn hie ik 7,5 flaters. Ik hie doe goed oefene, mar dêr ha ik dit jier gjin tiid foar hân." Alle jierren dat Salverda meidie, is de yn de top 10 einige. Bysûnder om't har lêste Fryske les yn de jierren santich wie. "Ik ha in echte taleknobbel, dêrom fyn ik ek moai om mei te dwaan. Earder ha ik Noarsk en Ingelsk studearre, mar nea Frysk, dat doch ik echt op gefoel."

Drege wurden

Neffens Sijens binne der trije staveringsregels dêr't dielnimmers tsjinoanrinne: ûnbekende (âldere) wurden, haadletters en frjemde wurden út in oare taal. Salverda is it dêr mei iens. Sy fynt haadletters ek dreech, mar ek hokker wurden se oanelkoar skriuwe moat en hokker net.
It Grut Frysk Diktee is woansdeitejûn te sjen fan 19.30 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje of folgje de live-stream hjir en typ it diktee yn op dyn laptop, tablet of snoadfoan.