Nije Waadfilm yn premjêre op de set fan De Stormruiter
FH Repo Ruben Smit
Natuerfilmer Ruben Smit syn nije Waadfilm giet op 1 oktober yn Ljouwert yn premjêre op de set fan De Stormruiter yn it WTC. Yn de hal wurdt safolle mooglik it Waad neimakke. Dat makke de filmer tiisdei bekend op in reiske nei de Kalkman, of de Engelsmanplaat, sa't it yn it Nederlânsk hjit.
Underweis binne nije bylden fan de film fertoand, lykas in tango fan strânljippen, de berte fan in seehûn en de earste tocht fan piken fan de berchein út it kninehol nei de Waadsee ta. Guon saken binne noch nea earder op film fêstlein.
It is ek de earste Nederlânske film op in hiele hege resolúsje fan 4k. Der is fiif jier oan wurke. Op it stuit sit der noch twa wiken wurk yn de neibewurking fan de bylden. Ruben Smit hopet mei de film minsken de eagen te iepenjen foar de unike kwaliteiten fan it Waad, sadat der ek goed op past wurdt.