Pieter de Vries út Wûns yn triennen om Hiddum-Houw

It binne spannende tiden foar de bewenners yn it gebiet by Hiddum Houw. Woansdei hearre se definityf oft alle seinen op grien gean foar de komst fan it nije wynmûnepark. Underwylst rinne de spanningen tusken de bewenners op.
Hiddum-Houw yn spanning
Ynwenner Pieter de Vries út Wûns is emosjoneel. Hy wennet al 33 jier yn it doarp en soe it ferskriklik fine as it nije wynmûnepark definityf trochgiet. Hy wachtet it net langer ôf en hat syn hûs te keap set. Hy hat him jierren ferset tsjin de komst fan de wynmûnen, dy't mooglik wol 200 meter heech wurde. Hy hat der dan ek gjin goed wurd foar oer hoe't der mei de soargen en emoasjes fan de minsken omgien wurdt, dy't flakby de wynmûnen wenje.

Mûne twa kear sa heech as Achmeatoer

As de plannen fan it wynmûnepark útfierd wurde, komt der op 300 meter ôfstan fan De Vries syn hûs in 200 meter hege wynmûne. "Dat fine je net leuk, en hielendal net as sa'n mûne 200 meter heech is", fertelt De Vries. Hy sjocht om him hinne en wiist foar him út. "Oan dizze kant komme trije mûnen te stean en flakby myn hûs dus ek ien." Om in idee te krijen hoe heech as sa'n mûne is: de Achmeatoer yn Ljouwert is 115 meter heech. De wynmûne dy't mooglik by De Vries yn de buert delset wurdt is hast twa kear sa heech. De Vries fielt him dêrom twongen om te ferhúzjen. As hy der oer praat, komme de triennen ek sa mar. "Simmerdeis binne der beammen, winterdeis is der gjin blêd oan de beam. Dan sjochst sa'n kloateding stean."
Hoe heech wurdt in mûne yn it park Nij Hiddum-Houw? © Omrop Fryslân
Neffens De Vries is it doarp troch de plannen feroare yn in oarlochsgebiet. De mienskip is troch de plannen ferskuord yn foar- en tsjinstanners. "Ik merk emosjoneel de ferdieldheid. Minsken dy't der al jierren tsjin stride. Dat dogge we al jierren mei ús allen. Se witte op in stuit net mear hoe't it fierder moat. Hjirefter is ek de Ofslútdyk fan 32 kilometer lang. Hoefolle fan dy dingen kinne hjir aanst stean?" De Vries begrypt ek wol dat der oare foarmen fan enerzjyboarnen nedich binne. "Wy witte allegear dat se der wêze moatte, mar alternativen dy't der binne, dy wol sels ús eigen gemeente net oannimme."