Nije fearboaten Doeksen út Fjetnam komme jier letter
De twa nije fearboaten fan rederij Doeksen, dy't út Fjetnam komme moatte, kinne net dit jier, mar pas yn april 2019 yn gebrûk nommen wurde. Dat hat it bedriuw tiisdei bekend makke.

Wol is it lêste part fan de bou fan de nije skippen fan Doeksen no waarboarge. De belutsen Fjetnameeske banken hawwe in oanfoljende liening útjûn oan it memmebedriuw fan de skipswerf. Dat kaam troch malêze yn de brânsj yn finansjele problemen.
Desimber yn Harns
De bou fan de twa skippen foar Doeksen kaam dêrtroch faai te stean, mar troch de liening kinne dy no dochs ôfmakke wurde. Neffens Doeksen sille de skippen yn desimber yn Harns oankomme. Fan 1 april 2019 ôf kinne se ynset wurde yn de tsjinstregeling.
Miljeufreonlik
De boaten binne miljeufreonlik kwa brânstofferbrûk, want se sille farre op floeiber ierdgas. De topsnelheid fan de boaten is 14 knopen, oftewol 26 kilometer yn 'e oere. De ûntwerpen binne fan de Fryske skipsbouwer Vripack.