Gemeente slút drugspân yn Drachten

© Public Domain Pictures
Boargemaster Van Mourik fan Smellingerlân hat in hûs oan de Burgemeester Wuitewei yn Drachten slute litten. De plysje hie yn it hok by it hûs 160 himpplanten fûn en ek kweekapparatuer.
Gemeente slút drugspân yn Drachten
Omdat de 160 himpplanten troch de gemeente sjoen wurde as in grutte hannelshoemannichte, hat de boargemaster besletten it hûs trije moannen te sluten. De boargemaster hat dat foech, op grûn fan de opiumwet.
Gemeenten slute wol faker wenningen as der sprake is fan drugskriminaliteit. Smellingerlân hat der koartlyn it hânhaveningsbelied foar oanpast.