Rykswettersteat wol driuwende sinnepanielen by de Ofslútdyk

Rykswettersteat wol op de Iselmar driuwende sinnepanielen ynstallearje. Dy moatte lâns de Ofslútdyk komme. It is de bedoeling dat de sinnepanielen op termyn safolle stroom opwekje, dat de pompen yn de dyk gjin stroom út oare boarnen mear brûke. As it wetterpeil yn de Iselmar te heech is, pompe dy pompen it wetter de Waadsee yn.
Joost van de Beek, projektmanager Ofslútdyk
De technology foar sinnepanielen op it wetter is noch folop yn ûntwikkeling, seit Joost van de Beek. Hy is de projektmanager Ofslútdyk fan Rykswettersteat. Sinnepanielen op it lân binne goedkeaper, mar Rykswettersteat hat op oare plakken al eksperimintearre mei panielen op it wetter. Mei de sinne-eilannen moat de Ofslútdyk in 'proeftún' wurde foar de rest fan Nederlân.