Fûgelpits is klear foar mei oalje besmoarge swannen út Rotterdam

It fûgelopfangsintrum De Fûgelpits yn Moddergat stiet klear om de fûgels te helpen dy't dit wykein mei oalje besmoarge binne yn Rotterdam. Dat barde doe't dêr in grut frachtskip lek rekke yn de haven.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
By Hoek van Holland wurdt no in needopfang boud foar de fûgels. Gaatske Wiersma fan De Fûgelpits hat noch gjin telefoantsje hân út Rotterdam, mar ferwachtet dat elk momint te krijen. "Op it stuit is it dêr sa hektysk, it moat earst wat organisearre wurde om de fûgels hinne. Dus wy wachtsje it even ôf, mar it soe samar kinne. En dan stiet de auto al klear en geane wy sa nei Rotterdam."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De Fûgelpits hat in protte ûnderfining mei de opfang fan fûgels dy't ûnder de oalje sitte. Yn 2011 hawwe se 91 swannen skjinmakke út Amsterdam. Se binne der doe yn slagge om alle bisten wer skjin werom te krijen. Wiersma hat jierren lyn sels in spesjale waskmasine foar fûgels útfûn, mar swannen binne dêr te grut foar. Dy moatte mei de hân skjinmakke wurde en dat kostet wol 2 oeren de bist.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits yn Moddergat