Utstel fan betelling foar kleansaak Men at Work

Kleanwinkelketen Men at Work, mei fêstigingen yn Ljouwert en Snits, hat útstel fan betelling krigen. De keten kin net mear oan syn betellingsferplichtingen foldwaan. Men at Work ferkeapet klean fan ûnder oare de merken Nike, Adidas en Levi's. Njonken de saken yn Fryslân binne der noch 25 yn de rest fan it lân.
De winkels bliuwe foarearst wol iepen en de meiwurkers bliuwe ek oan it wurk. De webshop is sûnt dit wykein wol ticht. Neffens de bewâldfierder is it lestich yn te skatten oft der in trochstart mooglik is. Der binne wol gadingmakkers foar in oername.