Azc's yn Fryslân dogge mei oan lanlike iepen dei

Trije asylsikerssintra yn Fryslân dogge op 22 septimber de doarren iepen foar it publyk, op de jierlikse iepen dei. Besikers kinne dan sjen hoe't it om en ta giet op in azc, bygelyks yn Snits, Drachten of Sint-Anne.
It AZC yn Drachten © Omrop Fryslân
Minsken kinne prate mei de bewenners, der binne rûnliedings, workshops en aktiviteiten foar bern. En besikers kinne mear te witten komme oer hoe't it wurket mei it talitten en registrearjen fan asylsikers en hoe't dy opfongen en begelaat wurde.
De iepen dei is in inisjatyf fan it COA, it ministearje fan Justysje en Feiligens en VluchtelingenWerk Nederland. It is de fjirde kear dat de iepen dei organisearre wurdt. Ferline jier kamen der goed 27.000 minsken op ôf.
De iepen dei wurdt mei sin organisearre op Nationale Burendag. De organisaasjes wolle dêrmei dúdlik meitsje dat asylsikers buorlju binne fan ús allegear.