Kollum: "Dat sis ik tsjin Sietske!"

"Hieltyd minder minsken prate Frysk. Ut ûndersyk yn opdracht fan de Fryske Akademy docht bliken dat it persintaazje Friezen dat thús Frysk praat fan 1994 oant 2016 sakke is fan 55 nei 49 persint. Om dy delgong tsjin te gean, wol deputearre Sietske Poepjes stranger optrede. Mei echte straffen en sels troch minsken te twingen.
De Toan fan Nynke van der Zee
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
No bin ik persoanlik sels net sa'n foarstanner fan straf en twang, mar Sietske hat wol in punt. Ik moast lêstendeis belje mei in offisjele ynstânsje hjir yn Fryslân. Doe't der opnaam waard, begûn ik yn it Frysk. Ik stelde myn fraach, mar noch foardat ik útpraat wie, hearde ik oan de oare kant fan de line in prutteljende frouljusstim. 'Ho, ho, ho. Als u zo gaat beginnen komen we natuurlijk nergens. U gaat er voor het gemak vanuit dat ik u kan verstaan, maar helaas voor u versta ik er geen woord van. Dus als u mijn hulp wilt, zou ik opnieuw beginnen en dan in het Nederlands.'
It hier stie my rjocht oerein. Prima dat it minske gjin Frysk praat, mar sy heart it wól te ferstean. En as dat net sa is, dan mei se dat oanjaan, mar net op sa'n belearend toantsje krekt as wie ík ûnnoazel. It is per slot fan rekken har tekoartkomming. Weak aai dat ik bin, doar ik dat dan net te sizzen. Ik hie har help nedich, dus as in mak lamke begûn ik dan dochs mar yn it Hollânsk. Eins hie ik sizze moatten: 'Goed, jou my dan mar in oare kollega dy't my wól ferstean kin.'
Kenlik ha Hollanners it idee dat ús taal ûndergeskikt is oan it Nederlânsk. In wike as wat lyn spruts ik mei in frou dy't eamele oer dat der yn har doarp sa min Nederlânsk praat waard. Ze kon er niets van verstaan op feestjes. 'Dat boter, brie en nog wat kaas, ik snap er geen snars van.' Ik sjoch har al sitten op sa'n feestje. Nukkich de earms oer elkoar, noas yn 'e loft om't se har te goed fielt om ek mar in hiel lyts bytsje har bêst te dwaan om ús te ferstean. Leau my mar, sa komst der net. Mei sa'n hâlding hat elkenien yn in doarp binnen de koartste kearen it mier oan dy.
Mar gelokkich foar dizze beide froulju rint it tal minsken dat Frysk praat hieltyd fierder werom. Dus grutte kâns dat se oer 20 jier net ien mear tsjinkomme dy't yn it Frysk tsjin harren begjint. Mar oant it safier is, fyn ik Sietske har straf en twang hielendal net sa'n gek idee. Dat ik tsjin dat ferfelende minske oan de telefoan tenei sizze kin: 'Jo ferstean gjin Frysk? Ha! Dat sis ik tsjin Sietske.' En foar dat frommes fan de feestjes ha ik mar ien boadskip: 'Boter, brie en Gorgonzolakaas. Yn Fryslân is it Frysk noch altyd baas boppe baas.'"