Epke hat maleur en moat rekstôk loslitte op NK turnjen

Epke Zonderland hat snein yn Rotterdam net de nasjonale titel op de rekstôk pakke kind. It bantsje om syn hân, dat mei tape fêsthâlden wurde moast, skeat los doe't er mei de oefening dwaande wie. Dêrom hie er gjin grip mear en moast er de rekstôk loslitte.
Epke jout tekst en útlis
"It bantsje om myn hân sit fêst mei 'klittebân'. Dat wol oars noch wolris lossjitte, dus by in wedstriid dogge we dêr altyd tape omhinne. Mar dat wie hielendal trochskuord en dan kinst net mear fierder turnje", sei Zonderland nei syn oefening. Sels hie er it ek noch noait meimakke. "Ik ha dit noch noait sjoen, ek net yn de training."
Oefening fan Epke
Fan de sjuery mocht Zonderland syn oefening net opnij ynsette. It publyk waard lilk en konkurrint Bart Deurloo ek. Sy woenen Epke noch in kâns jaan, mar dat siet der net mear yn. Dêrom prolongearre Deurloo syn titel.
Nei ôfrin hat Zonderland bûten kompetysje syn oefening dochs noch yn syn gehiel dien, ta freugde fan it publyk. "It belangrykste foar my wie dat ik in goede oefening turnje koe yn oanrin nei it Europeesk kampioenskip. Dat is slagge."
Céline van Gerner

Frysk sukses

By de froulju wie der Frysk sukses. Céline van Gerner, dy't op It Hearrenfean wennet en traint, wûn goud op de brêge.
De yn Ljouwert berne Sanne Wevers pakte de nasjonale titel op de balke, foar Van Gerner.
En ek by de manlju wie der in Fryske winner. Ljouwerter Michel Bletterman waard Nederlânsk kampioen op de brêge, foar Rick Jacobs, dy't ek út Ljouwert komt.