Premjêre film Redbad lûkt 2500 besikers
Goed 2500 besikers sieten sneontejûn op it Saailân yn Ljouwert foar de premjêre fan de film Redbad. Foarôfgeand oan de film wie der muzyk en in presintaasje fan de cast.
Redbad premiere
Gijs Naber spilet de Fryske kening Redbad. Hy kaam sneontejûn op in hynder op. Aktrise Loes Haverkort wie der ek by. Sy spilet yn de film de frou fan Redbad, Frea.
Redbad is in histoarysk epos oer de kerstening. De film duorret goed twa-en-in-heal oere en is fan 28 juny ôf yn de Nederlânske bioskopen te sjen. De film hat 8 miljoen euro koste. De opnames wiene ûnder oare op It Amelân en yn de Alde Feanen.
Op de film is ek wol krityk kaam. Sa soe Redbad gjin goed histoarysk byld sjen litte fan de Fryske kening. Ek de wapens en huzen soene út de ferkearde tiid komme. Fan dy krityk lûkt regisseur Roel Reiné him neat oan. Hy hat it bewust dien, seit er, om de film spannender te meitsjen.