Unrêstige útgeansnacht yn Ljouwert

It wie sneontenacht drok en ûnrêstich yn it útgeanssintrum fan Ljouwert, meldt de plysje. Der wiene ferskate ynsidinten en houwerijen.
© Omrop Fryslân
Ien fjochtpartij wie yn de Alde Doelestege. In 19-jierrige Ljouwerter krige in proses-ferbaal foar fersteuring fan de iepenbiere oarder en in ferbod om yn it sintrum te kommen.
Eefkes letter kaam op it Ruterskertier in 23-jierrige Ljouwerter nei bûten mei in ferwûning oan de holle. Hy wegere help en foel oare persoanen oan. Hy krige ek in proses-ferbaal foar fersteuring fan de iepenbiere oarder.