Amsterdamske keunstner sit yn Drachten dagenlang op metershege peal
In man út Amsterdam wol yn him Drachten in wike lang weromlûke yn in soarte fan fûgelhûske, op in peal fan sân meter heech. It is in keunstprojekt. Reisburo Zonderling hjit it, en de keunstner dy't him opslute lit, is Yasser Ballemans. Sneontemiddei om trije oere klimt er de peal yn.
Ballemans wol dan in wike lang as in soarte fan kluzener oerlibje, sûnder kontakt mei de bûtenwrâld. Hy hopet al dat de minsken út Drachten en omkriten him wat te iten bringe sille, want dat nimt er sels net mei.