In opera op it strân op Oerol

Opera op it strân
It waait as it rikket. Wynkrêft 6 of 7. Op it strân by West oan See op Skylge sammelje harren trijehûndert minsken. Se komme foar de opera Signaal bij Schemerdonker fan Strijbos en Van Rijswijk. Is it in dwaalopera: Jo kinne frij omrinne oer it dekôr en hearre oeral wat oars. De ynfloed fan de wyn jout de opera wat magysk.
Strijbos en Van Rijswijk stean foar it twadde jier efterinoar op dizze lokaasje. Ferline jier hiene de beide mannen hjir ek al sa'n selde ynstallaasje. Doe makken se it muzykprojekt 'Signaal'. Dat wie sa'n sukses dat de Oerolorganisaasje de mannen frege hat werom te kommen. Mar dizze kear mei in opera. Yn in jier tiid slagge it Jeroen Strijbos en Rob Van Rijswijk in opera yninoar te setten. De basis is deselde opstelling as by 'Signaal', 24 speakers opsteld op in stil strân fan 500 by 1000 meter. Fjouwer sopranen nimme jo mei op reis tusken dy opstelling troch.

It is is goed healwei tsienen jûns as de groep ôfset foar de strânkuier. Foar in streep yn it sân moat eltsenien stean bliuwe. Ut de lytse dúntsjes op it strân dûke ien foar ien de sopranen op. Se sjonge troch in megafoon. Dat jout it lûd in wat de sfear fan in âlde radio út de jierren fyftich fan de foarige iuw, mar it past goed by de foarstelling.

De fjouwer sopranen nimme jo mei op in reis nei de skieding tusken strân en wetter. Dêr besjonge se de see. Oer wat de see nimt, de ferlieding en it langstme. Harren stimme minge mei it lûd fan de opstelling fan de lûdsboksen dy't yn in gebiet fan in pear kante kilometer opsteld stean op it strân. Se ferspriede it gegûl fan in misthoorn. Alles mingt him sa ta in wûnderbaarlik gehiel dat jo in de siel rekket. It is timed op de sinne-ûndergong. Dy is dizze jûn min te sjen. Mar de reade gloed fan de sinne dy't fuort sakket yn de see jout de loft dochs in kleurige gloed.

De reis giet fierder oer it strân. De groepen wurde skieden en komme rjocht tsjinoer inoar te stean. Stadich wurdt alles byinoar brocht foar in daverjend slot, midden op it strân.
De prachtige foarstelling hat mar ien minpunt: Jo misse by dizze opera de belibbing sa't jo dy yn it teater hawwe. Dêr sitte jo mear yn de foarstelling. Hjir is de muzyk mear de eftergrûn op ien fan de moaiste dekôrs fan 'e wrâld. Slim is dat net, want minsken dy't neat mei opera hawwe kin hjir ek fan genietsje. Dizze opera is hjir te plak.