Markante lapkekeapman Jan Venema hâldt nei 43 jier op

Jan Venema (66), de markante merkkeapman fan 'Carmen Stoffen' sil tenei net mear op de Ljouwerter freedsmerk te finen wêze. Nei 43 jier wol er it rêstiger oan dwaan, "Miskien noch in pear lytse merkjes, mar net mear dy lange dagen lykas yn Ljouwert."
Stoffekeapman Jan Venema © OF, René Koster
"Freed ried ik hiel betiid yn waar en wyn nei de merk en tocht ik : 'Wolsto dit noch wol, Jan? De winter komt aansen ek wer. Hast der dan noch wol nocht oan?' Doe haw ik it beslút naam om op te hâlden. Dit wie myn lêste kear op de freedsmerk."
De ôfnimmende belangstelling foar stoffen spilet ek in rol. "De klandyzje fergrizet. Ik reitsje wol klanten kwyt, mar der komme kwealik nijen by en dan reitsje jo de motivaasje ek wat kwyt."
Ik haw miskien net oeral ferstân fan, mar wol oeral in miening oer.
Lapkekeapman Jan Venema
Jan Venema
Venema is sûnt jierren ek ien fan de fêste opinymakkers yn de rubryk De Freedsmerk op Omrop Fryslân radio. Hast alle wiken wie er wol te hearren mei smout kommentaar op de aktualiteit. "Ek dat sil ik wol misse. Ik haw miskien net oeral ferstân fan, mar wol oeral in miening oer!"
Om't it kontakt mei gewoane minsken altyd syn grutste driuwfear west hat, siket Jan Venema yn de takomst wol wer wat oars wêryn't er minsken moetet. "Frijwilliger op sa'n WMO-buske om minsken nei te dokter en sa te riden, dat liket my wol wat.''