Duo fertocht fan tsientallen ynbraken by âlderein yn it Noarden

Twa manlju út Lelystêd wurde fertocht fan tsientallen ynbraken by âlderein yn de trije noardlike provinsjes en Flevolân. Dizze ynbraken fûnen plak yn de earste moannen fan 2018. Yn dy perioade naam it tal ynbraken yn senioarewenten flink ta, sa fernaam de plysje.
Ynbrekker mei in koefoet © Shutterstock.com
Tusken jannewaris en april makke it twatal fan 19 en 39 jier yn ús provinsje slachtoffers yn ûndere oare Drachten en It Hearrenfean. De ynbrekkers hiene it foaral foarsjoen op kwetsbere senioaren yn wensoarchkompleksen, mar ek op selsstannich wenjende âlderen.

Mear as hûndert

It duo waard op 22 maart op 'e die betrape by in ynbraak yn Alkmaar. Sûnt dy tiid sitte beide manlju fêst. By it ûndersyk nei dizze ynbraak kaam de plysje derachter, dat de fertochten oan folle mear saken keppele wurde koene. De plysje is wis fan fjirtich ynbraken, mar nei alle gedachten giet it om mear as hûndert.

Rjochtsitting

Op 3 july is der in pro-formasitting tsjin de manlju ynpland by de rjochtbank Noard-Nederlân. De saak wurdt dan noch net ynhâldlik behannele.