Asbest frijkaam by brân yn âld-belestingkantoar

Der is asbest frijkaam by de grutte brân yn it âld-belestingkantoar. De brân bruts freedtemoarn út, wêrnei't minsken yn de omkriten fan it gebou lange tiid harren doarren en ruten tichthâlde moasten. De brânwacht hat no ûndersyk dien nei de eventuele gefolgen fan de brân. Hjirby is nei foaren kaam dat der asbest frijkaam is.
It is noch net dúdlik hoefolle asbest der frijkaam is, en hoe fier't de stof him ferspraat hat. Boargemaster Crone fan Ljouwert tinkt net dat de asbest fier kaam is, mar dat de stof benammen yn it gebou delkaam is.