Oerfallers nimme auto mei nei wenningoerfal yn Easterwâlde

Yn in wenning oan De Logten yn Easterwâlde is freedtemoarn om kertier oer fiven hinne in âlder echtpear oerfallen. De beide bewenners binne yn harren hûs oerfallen troch, nei alle gedachten, twa manlju tusken de 20 en 25 jier.
By de oerfal is de auto fan de slachtoffers stellen. De auto waard even letter weromfûn yn de Veenhof yn Easterwâlde. Oft de twa oerfallers noch mear stellen ha, is noch net dúdlik. De plysje hat in ûndersyk ynsteld en freget tsjûgen harren te melden.