Gjin útstel fan sluting kafee Prins: tongersdei lêste jûn

De rjochter sjocht gjin oanlieding om de sluting fan kafee Prins yn Kollumersweach út te stellen. De eigener fan it kafee hie dêr yn in koart pleit om frege. Om middernacht fan tongersdei op freed moat it kafee ticht - en dat in healjier lang.
© Omrop Fryslân
It kafee moat ticht, om't er neffens de gemeente yn it kafee alkohol skonken wurdt oan minderjierrigen en al in langere perioade harddrugs (kokaïne) ferhannele wurdt. Kafee-eigener Melle Prins wie it net iens mei de maatregel en woe mei in koart pleit foarkomme dat syn kafee sletten wurde soe.
De rjochter giet dêr net yn mei. Dy fynt de folkssûnens en it foarkommen fan drugsgebrûk wichtiger as de omset fan it kafee. Op 5 july besjocht de rjochtbank oft it dochs mooglik om it kafee wer iepen te hâlden.
Fêste besikers fan Kafee Prins roppe op Facebook minsken op om tongersdei foar de lêste kear nei it kafee te kommen, om der in moaie tydlike lêste jûn fan te meitsjen.