FIDEO: Fryslân Hjoed fan Oerol ôf
In famke sjocht mei ferwondering nei de âlde typmasine. Se wol graach in stik tikje mar hoe wurket soks? Hoe hurd moatte je op in toets drukke foar't der in letter op papier stiet? En at je in flater meitsje, wat dan? Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach by literêr tydskrift De Moanne dy't op de Betonning kamp opslein hawwe. Presintator Roelof Lousma is yntusken op it terrein fan Westerkeyn, en siket dêr de ferhalen op.
Tikke op Oerol
By De Moanne tikke de minsken yntusken stadichoan fierder. Ien fan de tikjende bern hat wol in oplossing foar de problemen fan it famke út it begjin: "Dan ga je terug naar die letter en tik je er de goede gewoon bovenop." It is drok yn it redaksjelokaal op de Betonning. Der bin altyd minsken oan it tikjen. De ferhalen steapelje har ek op. Meiwurkers fan it lokaal spanne in ekstra tried. Dêr wurde de ferhalen oan ophongen.
Der sitte gedichten by, eroatyske ferhalen, belibbenissen op it eilân en bekentenissen. By de measten stiet gjin namme. Skreaun troch ien fan de tûzenen Oerolgongers dy't Skylge dizze wike befolkje.