Blyn foar ien dei
FIDEO: Blyn foar ien dei
Blyn wêze. Ast normaal sjochst, dan kinst dy der net in soad by foarstelle hoe't it is om dei yn dei út sa te libjen. Mar tongersdei is it 21 juny: dat is de dei dat it Eachfûns elkenien opropt om 'foar in dei blyn te wêzen'. It doel dêrfan is safolle mooglik jild ynsammelje foar ûndersyk nei eachsykten. Mar ek om minsken in lyts stikje fan it blyn wêzen begripe te litten. Us ferslachjouwer Bauke Deelstra gie tongersdeitemoarn op paad mei Hilda Snippe, dy't blyn is.
Harkje nei de folsleine reportaazje fan Bauke Deelstra, dy't by Hilda Snippe wie