Flinke krityk fan enkêtekommisje op ferbou skouboarch De Lawei
De enkêtekommisje dy't him dwaande hâlden hat mei de problemen om de ferbou fan skouboarch De Lawei yn Drachten hinne, is skokt troch de hâlding fan in diel fan de minsken dy't se ûnderfrege hawwe. Neffens de kommisje hawwe de ûnderfregen foar it grutste diel oanjûn dat se fine dat se neat ferkeard dien hawwe en dat se yn de takomst op deselde wize hannelje soene.
Flinke krityk fan enkêtekommisje op ferbou skouboarch De Lawei
De enkêtekommisje konkludearret yn syn rapport, dat tongersdeitemoarn presintearre waard, dat der wol deeglik flaters makke binne. Sa wie der te min ôfstân tusken de gemeente Smellingerlân as subsydzjeferstrekker en De Lawei as opdrachtjouwer. De gemeente gie dêrby tefolle mei yn de krityk dy't De Lawei op de ferbou hie.
Eigen ûndersyk
Ek it oan de kant setten fan boubedriuw Van Norel as útfierder fan de ferbou gie te maklik. De gemeente hie neffens de kommisje mear eigen ûndersyk dwaan moatten en net samar meigean moatten yn it oardiel fan De Lawei.
Net goed ynformearre
Neffens de kommisje is it ek mis gien by de gemeente sels. Amtners hawwe de polityk te let op de hichte brocht fan de problemen. En boargemaster en wethâlders op har beurt hawwe de gemeenteried net altyd goed ynformearre.
It rapport fan de enkêtekommisje wurdt meikoarten bepraat yn de ried.