Kollum: "Goedkeape tickets"

"Op de webside cheaptickets.nl stiet in weblog, mei de titel 'Bestemmingen die er niet lang meer zullen zijn', skreaun troch iene Shannen. Shannen seit dat se graach op stêdetrip giet, mar dat se pas echt gelokkich wurdt, as se har trouwe backback wer op har rêch drage mei. Op har bucketlist steane Yslân, Nij-Seelân en Costa Rica boppe-oan. Se hat noch aardich wat fleankilometers foar de boech.
De Toan fan Botte Jellema
Botte Jellema © Omrop Fryslân
Cheaptickets is in bedriuw dêr'tst goedkeape fleantickets keapje kinst. En se sette no ris kreas op in rige hokker plakken op dizze ierdbol oan it ferdwinen binne, troch it opwaarmjen fan de ierde en oare minsklike ynfloeden. No is it net in grut geheim dat fleantugen in belangryk oandiel ha yn de útstjit fan CO2, en dêrmei oan it opwaarmjen fan de ierde. Dus dat in fleanticketbedriuw no fleanbestimmingen opsommet dy't kapot gean troch it fleanen, is echt wol in nij djiptepunt fan kapitalisme, hypokrisy en domheid.
De plakken dêr't se it oer hat, pardon: 'bestimmingen', binne bygelyks de Deade See: in lege mar wêrfan't de wetterstân elk jier in meter leger wurdt. 3.385 kilometer fleanen. De Maldiven, in groep eilantsjes dy't mar amper boppe seenivo lizze, en dus gau ferdwine as de seespegel stiigt. 8.280 kilometer fleanen. Gletsjers yn Sily en Argentinië, dy't troch it opwaarmjen fan de ierde ôfbrokkelje. 13.160 kilometer fleanen. Madagaskar, dêr't de rike floara en fauna bedrige wurde troch ûntbosking en alle oare miljeu ellinde. 8.900 kilometer fleanen. The Great Barrier Reef, it enoarme koraalrif dat massaal oan it ôfstjerren is. 15.060 kilometer fleanen.
De teksten by de 'bestimmingen' beskriuwe wat der oan 'e hân is dêr. Mar mei gjin wurd giet it oer de skealike gefolgen fan al dat geflean nei en toerisme op dizze 'bestimmingen'. Ja, der is in link nei GreenSeat, dêr'tst de CO2-útstjit kompensearje kinst. Mar litte we even reëel wêze. Wa giet nei in webside dy't goedkeape tickets hjit, om dêr dus goedkeape tickets te finen, om dêrnei nei GreenSeat te gean om mear jild oan harren ticket út te jaan.
Stel datst nei dy gletsjers yn Argentinië wolst. Neffens GreenSeat stjitst dêrmei 2.170 kilo CO2 út. Se biede kompensaasje dêrfoar oan fan 21,66, wat my bespotlik liket. Want wat is 2.170 kilo CO2?
Neffens de Wereldbank stjitte we yn Nederlân de persoan gemiddeld in lytse 10 ton CO2 yn it jier út. Ien sa'n reis stiet dus gelyk oan hast in kwart jier oan CO2-útstjit. Ast nei The Great Barrier Reef fleanst, de fierste bestimming út it listje fan Shannen fan Cheaptickets, dan is de CO2-útstjit hast 5 ton. Dus ast mei syn twaen dêr nei ta giest, soarget dat foar like folle broeikasgassen as 1 persoan yn Nederlân yn in hiel jier feroarsaket.
Noch even oer GreenSeat. Dy stelle op harren webside dat se soargje dat elke ton CO2-útstjit troch in fleanreis kompensearre wurdt. Troch bygelyks in biofergister foar in húshâlding yn Cambodja del te setten. De Wereldbank wit dat de CO2-útstjit per persoan per jier yn Cambodja 0,4 ton is. Dus foar ien reis fan Shannen nei The Great Barrier Reef, moatte yn Cambodja tolve jier lang in biofergister draaie, om de CO2 útstjit te kompensearjen. It is te hoopjen dat Shannen yn dy tolve jier net nochris in fleanreis makket; want se smoare dêr yn Cambodja noch yn 'e biofergisters.
Shannen slút har blog ôf mei 'Het is niet alleen kommer en kwel in de wereld. Er zijn veel dingen die je zelf kunt doen om je steentje bijdragen aan het verbeteren van de aarde. Voor veel bestemming kan je niet anders dan met het vliegtuig op vakantie, dat is niet te vermijden.'
Dus wat Shannen einliks seit is: we fleane de ierde mei syn allen nei de kloaten, 'dat is niet te vermijden'. Moaie plakken op de wrâld binne net samar moaie plakken, nee, dat binne bestimmingen, 'dat is niet te vermijden'. En we kinne wol wat bydrage oan it behâld fan troch klimaatferoaring bedrige plakken, mar Shannen wol der earst noch al even hinne. 'Dat is niet te vermijden'. De titel fan it stik seit it al: 'bestemmingen die gaan verdwijnen' - we kinne der neat mear oan dwaan, want fleane sille we, al kostet it ús in komplete ierdbol.
God ferhoede dat Shannen it ea yn 'e harsens krijt om it Waadgebiet te besykjen."