Stichting Leergeld hopet noch mear famyljes te helpen: "Lit se mar komme"
De fjouwer Fryske Leergeld stichtingen ferwachtsje ek dit jier wer folle mear bern helpe te kinne. De organisaasje hat ôfrûne jier hast 2000 bern mear holpen om bygelyks op skoalreiske, swim- of dûnsles of yn de simmer op fuotbalkamp te gean. Ek de kommende tiid sille de oanfragen net minder wurde, ferwachtet Paula van der Veer van Leergeld Ljouwert. Neffens har komt dat, trochdat der no mear bekendheid foar it probleem is.
Stichting Leergeld ferwachtet ek dit jier mear bern te helpen
Omrop Fryslân hat in jier lyn yn in temawike omtinken jûn oan dit ûnderwerp, mar de finansjele situaasje fan de minsken is net oeral ferbettere. De stichting wol foaral mear bern berikke fia skoallen. Masters en juffen dy't sjogge dat in húshâlding net in soad jild te besteegjen hat, soene dit melde kinne by ien fan de Leergeld-stichtingen.
Dat binne minsken dy't wol wurkje en jild fertsjinje, mar net in soad oerhâlde foar oare dingen.
Mar it is net altyd maklik te sjen oft in famylje gjin jild hat, om de bern oan gewoane aktiviteiten meidwaan te litten. It giet dan neffens Van der Veer foaral om húshâldingen mei parttime banen. "Dat binne minsken dy't wol wurkje en jild fertsjinje, mar net in soad oerhâlde foar oare dingen."
Bern út dy famyljes hopet de stichting yn de takomst helpe te kinne. It betsjut wol dat de stichtingen it folle drokker krije. "Mar dat makket net út. We witte altyd wol minsken fine dy't ús helpe wolle. Lit se mar komme", seit Van der Veer.
We hebben door het leergeld ook een fijn Sinterklaasfeest gehad, met cadeautjes.
Jan Willem Adams fan Skylge hat ek twa jier gebrûk makke fan Leergeld. Hy folge doe in oplieding en kaam dêrtroch yn de finansjele problemen. Se hiene 100 euro yn 'e wike om de húshâlding fan fiif persoanen mei te ûnderhâlden. Adams is tige bliid dat hy learjild krigen hat. "Daardoor kon mijn jongste dochter op dansles. Mijn andere dochter moest naar Harlingen naar school en kreeg een laptop. We hebben door het leergeld ook een fijn Sinterklaasfeest gehad, met cadeautjes."
It oantal oanfregen is yn elke Fryske regio oars. Yn Súdwest-Fryslân binne de minste oanfragen. Dat lit net direkt sjen dat dêr minder earme minsken wenje, mar hat te krijen mei yn hoefier't de gemeenten al help biede oan húshâldingen.
Yn Ljouwert komme neffens Van der Veer in soad oanfragen foar learjild wei. "Yn lytse doarpen sjochst dat minsken mekoar faak kenne en mear helpe as yn in de stêd."
Fia www.kindpakket.nl kinne húshâldingen mei in leech ynkommen de fergoedingen oanfreegje. Stichting Leergeld wurket gear mei de Fryske gemeenten.