Soargen by ynwenners Dronryp oer nije brêge oer Van Harinxmakanaal

Ynwenners fan Dronryp meitsje har soargen oer ûnfeilige situaasjes by de nij te bouwen brêge oer it Van Harinxmakanaal. Benammen de steile helling yn it ûntwerp ropt beswieren op. De steatefraksje fan de FNP hat dêrom skriftlike fragen steld oan deputearre Sietske Poepjes.
De âlde brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp. © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Wurdfierder Klaas Fokkinga fan de FNP wol witte oft de deputearre op 'e hichte is fan de soargen. Hy wol dat de provinsje yn oerlis giet mei ynwenners en Veilig Verkeer Nederland. ''Der moat eins in oplossing komme dy't ek feilich is foar fytsers'', seit Fokkinga.

Helling

Neffens de FNP hat it ûntwerp fan de nije brêge in helling fan 2,3 persint, wylst dat neffens noarmen maksimaal 1,6 persint wêze mei. De partij wol witte oft de noarmen foar in provinsjale brêge binend binne en wêrom't it ûntwerp dêrfan ôfwykt.