Omwenners REC fine gjin gehoar by Ried fan Steat

Sechstjin omwenners fan de REC yn Harns binne woansdei troch de Ried fan Steat mei lege hannen nei hûs ta stjoerd. Sy moatte earst in hanthaveningsfersyk yntsjinje by de provinsje; tsjin dat beslút kinne se eventueel juridyske stappen nimme.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De omwenners meitsje har soargen oer de útstjit fan dioksine troch de REC yn Harns. Dat begûn yn oktober 2015, nei in steuring by de ôffaloven. Dêrtroch wie der in hegere útstjit oan dioksine en oare giftige stoffen. De riedsman fan de omwenners stapte ôfrûne moanne nei de Ried fan Steat. Hy bepleitet dat de provinsje de útstjit fan dioksine net kontrolearret.

Te ferwaarleazgjen

De provinsje fynt dat de soargen fan de omjouwing net terjochte binne. Neffens it provinsjebestjoer binne de skealike effekten fan de útstjit fan dioksine te ferwaarleazgjen.