Erwin Zeinstra flagget by Brazilië-Kosta Rika

Team Kuipers komt freed foar de twadde kear yn aksje op it WK fuotbal yn Ruslân. It wrâldfuotbalbûn FIFA hat Björn Kuipers en Erwin Zeinstra fan Dronryp oansteld foar Brazilië tsjin Kosta Rika.
De earste wedstryd fan it WK yn Ruslân wie foar Erwin Zeinstra de wedstryd tusken Oerûguay en Egypte. Dat einige yn 1-0 foar de Súd-Amerikanen. It is foar Zeinstra al it fjirde eintoernoai dêr't er aktyf is. Earder kaam er al yn aksje op it WK 2014 yn Brazilië en op it EK 2012 yn Oekraïne en it EK 2016 yn Frankryk.