Gemeente slút kafee Prins yn Kollumersweach foar in healjier
Kafee Prins yn Kollumersweach giet in healjier op slot. De gemeente Kollumerlân fynt dat der earnstige fersteuring fan de iepenbiere oarder en sûnens plakfynt. De maatregel giet freed yn. De eigener fan it kafee kin nei fjouwer moanne in fersyk by de gemeente dwaan om wer iepen te meien. Der moat dan wol in troch de boargemaster goedkard plan lizze dat mear fersteuringen foarkomt.
De ûndernimmer is neffens de gemeente meardere kearen wiisd op syn ferantwurdlikheid oangeande it hâlden fan tafersjoch, it bewaken fan de iepenbiere oarder en it bieden fan feiligens oan de - faak minderjierrige - besikers. De gemeente seit nei meardere formele en ynformele warskôgingen oan it adres fan de ûndernimmer úteinlik oer te gean ta dizze fiergeande maatregel.
Neffens de gemeente binne der yn it kafee ûnder oare geweldsdelikten, wurdt der yn drugs hannele en wurdt der alkohol ferkocht oan minderjierrigen.
Boargemaster Bilker oer sluting kafee Prins
