Easterlittens, Winsum en Frjentsjer fierder op it IFK Jeu de Pelote

Op it Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote op It Plein fan Easterlittens waarden tiisdeitejûn wer trije partijen keatst. Weidum koe it net oprêde tsjin Easterlittens. It waard 8-3 foar de ploech dy't yn it eigen doarp de titel ferdigenje moat. Winsum wûn yn in moaie partij mei 7-4 fan Easterein. Frjentsjer wie mei 7-5 te sterk foar Grou.
Woansdeitejûn opnij trije partijen. Om 19.30 oere Makkum-Wjelsryp, in oere letter Ljouwert-Bitgum en dêrnei Easterlittens-Winsum.