Frou ferwûne nei botsing by Koartehimmen
Op 'e Boerestreek by Koartehimmen binne tiisdeitejûn twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. By it ûngelok soe in frou ferwûne rekke wêze.

Op de krusing fan de Boerestreek mei de Prikwei kamen twa auto's mei-inoar yn botsing. Ien fan de auto's kaam nei it ûngelok yn de njonkenlizzende sleat telâne. Personiel fan de ambulânse hat de belutsen persoanen ûndersocht. In frou soe troch de ambulânse noch oerbrocht wêze nei it sikehûs.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak.