VLOG: Sneakpreview Redbad de film
Under de namme 'Eilandberoerders' waarden de figuranten fan Redbad moandei traktearre op in sneakpreview fan de film. Omrop Fryslân-meiwurker Oane Hoekstra is ien fan dy figuranten en wie by de sneakpreview. Hy frege oan oare figuranten wat harren rol wie en wat harren ferwachtingen wiene fan de film. Boppedat skreau hy in koarte resinsje.
Vlog: Sneakpreview Redbad
Resinsje fan Oane
"De film Redbad is in fisueel spektakel mei in boadskip oer ûnderdrukking fan it Fryske folk yn de 6e iuw. Yn dy tiid waard religy mei geweld optwongen oan de minsken en de frije wil waard harren ûntnommen. Dat boadskip komt keihurd oan troch de film. It is dan ek gjin film foar bern jonger as 16 jier.

Sa moai as de bylden fan it lânskip en de setting binne, sa wikseljend en net altyd oerweldigjend is it aktearnivo, faak fanwegen it ûntbrekken fan tekst foar in goede dialooch. Dochs kinne de akteurs dermei út de fuotten en makket it fisuele geweld in protte goed fan it akteartekoart.
De haadrolspilers komme goed út de ferve, mei in prachtrol foar Jonathan Banks (Pepijn) en Tibo Vandenborre (Karel Martel): inketswart. Gijs Naber as de Fryske kening Redbad wit te oertsjûgjen en kin de film drage as haadrolspiler. De film hat syn pros en cons, mar is wier it besjen wurdich op it grutte filmskerm."