Ipewacht Fryslân hat it drok mei de yp en de esk
Der moat mear fariaasje komme yn de oanplant fan beammen. Dat fynt de Ipewacht. De wacht is wer begûn mei harren kontrôle op de tastân fan de ipen yn de provinsje. De problemen mei de beammen binne op dit stuit behearskber, mar mei de esk giet it striemin. Dat komt foar in part troch de saneamde 'monokultuer' yn ús lân.
Ipewacht
Mei fiif kontroleurs wurdt de hiele provinsje wer ôfstrúnd nei sike ipen. Troch de kontrôles kin der frij gau yngrepen wurde as der sike beammen tusken sitte. Dit jier liket der wol wer in lytse taname fan ypsykte te wêzen, fertelt Gauke Dam fan de Ipewacht. In grutter probleem is lykwols de esk. Der is in wiere kealslach ûnder dizze beammen. Sa't it no liket wurdt sa'n 80 prosint fan de esken bedrige troch in skimmel. De Ipewacht hâldt 'm ek mei dizze beammen dwaande, wylst dat eins net har earste taak is. De provinsje wol lykwols net foar alle bedrige beammen in oare wacht hawwe.
Der sil wol wat dien wurde moatte oan de sykten dy't ús beamme-arsenaal bedriigje. Ek de ikeprosesjerûp is in gefaar, mar ek de kastanjebliedingssykte.

Gauke Dam, koördinator Ipewacht
Om de problemen mei de beammen oan te pakken is in feroaring fan it beammeplantbelied nedich, fynt de Ipewacht. Biodiversiteit is fan grut belang. We moatte ôf fan de monokultuer, seit Alexander te Nijenhuis. Hy is ynspekteur by de Ipewacht en sjocht in soad beammen deagean. It belied fan in protte fan deselde beammen plantsje by bygelyks diken of parken moat echt feroare wurde neffens him. Mear ferskaat soarget derfoar dat beammen minder gau siik wurde.

Ynspekteur Alexander te Nijenhuis fan de Ipewacht
De Ipewacht is mei alle leden (gemeenten en provinsjes) yn petear om te sjen hoe't de sykten better oanpakt wurde kinne.
Yntusken wurket de wacht wol oan it wer plantsjen fan beammen op plakken dêr't de esk ferdwynt. Sa sjogge se mei oerheden nei kânsen op subsydzjes foar it wer plantsjen fan beammen. Dat is nedich omdat it oars net te beteljen is.