Offisjele IVF-klinyk yn Wolvegea
Fertiliteitsklinyk Nij Barrahûs yn Wolvegea hat fan 1 july ôf as earste klinyk yn Fryslân in IVF-fergunning. Mei dy fergunning kin tenei it hiele IVF-trajekt by de klinyk plakfine. Earder koene pasjinten by Nij Barrahûs allinnich foar de twa earste fazen telâne: de monitoaring en de punksje. Foar de befruchting fia de reagearbuis en it werom pleatsen fan de aaisel moasten minsken ôfreizgje nei gearwurkjende kliniken of sikehuzen.

De klinyk is yngreven ferboud foar it nije laboratoarium. Foar it hawwen fan in IVF-laboratoarium hat in medyske ynstelling in spesjale fergunning nedich. Der binne yn Nederlân mar fyftjin fergunningplakken beskikber.