Daniels en El Baad meie Cambuur ferlitte

SC Cambuur-spilers Alvin Daniels en Omar el Baad meie útsjen nei in oare klup. Beiden hawwe noch in trochrinnend kontrakt, mar komme net foar yn de plannen fan trainer René Hake. Ek Kevin van Kippersluis wachtet mooglik in oare takomst.
Alvin Daniels © www.orange-pictures.nl
Op de posysjes fan Daniels en El Baad, oan de bûtenkant fan de oanfal en sintraal efteryn, hat Cambuur oare alternativen dy't de foarkar krije. Dêrtroch meie se de klup ferlitte. Der is allinne noch gjin belangstelling foar it twatal. "En dat is ook niet zo gek als je kijkt naar wat voor seizoen we hebben gehad", fertelt technysk manager Foeke Booy.
Kevin van Kippersluis sil takom seizoen mooglik ek by in oare klup spylje. Booy sprekt fan "een verschil van inzicht" mei Van Kippersluis. Hy sjocht himsels as middenfjilder, wylst de technyske stêf fan Cambuur him as linkeroanfaller sjocht. "Als er een club voor hem komt, zullen we daar naar luisteren."
Kevin van Kippersluis © www.orange-pictures.nl

Seleksje aardich rûn

Booy hat de lêste wiken net stil sitten. Cambuur presintearre al sân nije spilers. In middenfjilder en in linkeroanfaller steane noch op it winskelistje fan de Ljouwerters, mar foarearst wachtsje se efkes ôf. Ek om't in grut part fan it jild al útjûn is oan de nije spilers. Booy: "Het raamwerk staat. We hebben momenteel een selectie van 24 spelers en maken even een pas op de plaats."
De spilers dy't Cambuur foar takom seizoen al fêstlein hat, binne keeper Xavier Mous, ferdigeners Robert van Koesveld, Emmanuel Mbende, David Sambissa en middenfjilders Robin Maulun, Andrejs Ciganiks en Julian Calor. De earste training fan de manlju fan trainer Hake stiet ynpland foar takom wike sneon, op 30 juny.