Brânwacht hellet hynder út de sleat yn Snits

© twitter @Brandweer_Sneek
De brânwacht hat yn Snits in hynder út it wetter helle. It bist wie moandei yn in sleat telâne kaam by de Pim Mulierstrjitte. Hoe't dat barre koe, is net dúdlik. It hynder kaam fan in maneezje.
De brânwacht waard oproppen om it hynder wer út it wetter te heljen. Mei in grutte groep minsken koenen se it bist wer de wâl op lûke.