Boeren FrieslandCampina stjoere kij faker nei bûten ta

Hieltyd mear boeren dy't oansletten binne by suvelkoöperaasje FrieslandCampina, weidzje harren kij yn de greide. Dit jier kieze 303 melkfeebedriuwen dêrfoar.
It persintaazje bedriuwen giet dêrmei omheech fan 79 nei hast 81 persint. Dat is tichtby it doel fan 81,2 persint dat yn 2020 helle wurde moat. Dêrmei komt it persintaazje werom op dat fan 2012.
Bestjoersfoarsitter Frans Keurentjes is bliid dat hieltyd mear boeren harren kij nei bûten stjoere. "Daarmee blijft onze sector zichtbaar voor de samenleving en wordt behouden wat kenmerkend is voor het Nederlandse landschap: koeien in een groene weide."
Om dit foar elkoar te krijen hat it suvelbedriuw de leden dy't harren kij noch net bûten weidzje litte, de ôfrûne moannen benadere, advys op maat jûn en in finansjele taslach jûn.