Soad reek by keukenbrân yn Seisbierrum

By in keukenbrân oan de Skoallestrjitte yn Seisbierrum is in soad reek frijkaam. De brânwacht wie teplak en ek ambulânsepersoniel kaam yn aksje. Sy seagen de bewenners nei, om't se goed wat reek ynazeme hienen.