Arrestaasje bernepsychiater grutte skok foar kollega's Therapeuticum

"Het was een prima kinderpsychiater. En precies daarom begrijp ik het niet. Als hulpverlener weet je zo goed hoe schadelijk misbruik is voor een kind. Hoe kun je dat dan in vredesnaam doen?" Dorine Abbink is psychologe en eigener fan it Therapeuticum, in sintrum foar psychyske en psychososjale help oan bern en jongerein op 'e Jouwer. De yn Nepal oppakte bernepsychiater út Makkingea wurke dêr sûnt fiif jier nei alle tefredenheid twa dagen yn 'e wike. Fanwegen syn arrestaasje op fertinking fan bernemisbrûk is er fuortendaliks op non-aktyf steld. Syn eardere kollega's binne ferbjustere, mar fine it ek tryst dat se sa in kollega ferlieze moatte.
Reaksje fan Dorine Abbink fan it Therapeuticum
"Het zijn heel veel emoties tegelijk. We zijn geschokt, kwaad, maar ook verdrietig. Neem van mij aan: het is voor ons net zo onbegrijpelijk als voor ieder ander", seit Abbink. Justysje hat it Therapeuticum ek ynformearre oer it ûndersyk nei mooglik misbrûk troch de bernepsychiater yn Nederlân. Abbink hat gjin inkelde oanwizing om te tinken dat soks him by it Therapeuticum foardien hat. "Bij de psychiatrische consulten is eigenlijk altijd een tweede hulpverlener aanwezig en vaak ook een ouder. De kinderpsychiater had hier niet alleen kinderen in behandeling."

Tekoart oan bernepsychiaters

Yn Nederlân is in grut tekoart oan bernepsychiaters. Abbink hâldt der rekken mei dat it wolris in skoft duorje kin, foardat se in opfolger fûn hat. "We hebben gelukkig een goed team en een goede GGZ-arts, die bijna psychiater is. We zullen er alles aan doen om de hulp aan onze cliënten zo goed mogelijk door te laten gaan. Daar ligt nu onze eerste prioriteit."
It Therapeuticum hat yn it wykein, sadree't justysje dêr tastimming foar joech, fuortendaliks alle kliïnten en oare belutsenen safolle mooglik ynformearre oer de saak. De measte reaksjes dy't it sintrum ûntfangt út De Jouwer en omjouwing binne bemoedigjend, fertelt Abbink. "Veel klanten vinden het vervelend voor ons en begrijpen gelukkig dat wij het hier ook moeilijk mee hebben." Kliïnten dy't fragen hawwe oer de oppakte bernepsychiater, kinne dy fan moandei ôf kwyt by it Therapeuticum op 'e Jouwer.

Undersyk duorret noch wiken

It fierdere ûndersyk nei it bernemisbrûk troch de bernepsychiater sil nei alle gedachten noch wikenlang duorje. Justysje yn Nederlân fertinkt de man yn it foarste plak fan it misbrûken fan in 15-jierrige jonge yn Nepal, mar neffens Nepaleeske media soene der mear slachtoffers wêze. It leit yn de ferwachting dat de man him yn Nepal foar de rjochter ferantwurdzje moat foar syn dieden. De man kin yn it Aziatyske lân in selstraf fan alve jier krije.
Dorine Abbink fan it Therapeuticum oer de oppakte bernepsychiater