Stella van Gent yn lanlik bestjoer fan de PvdA

Stella van Gent is sneon op it partijkongres fan de PvdA keazen yn it lanlik bestjoer fan de partij. Van Gent is wethâlder yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn dy gemeente hat se ûnder mear Arbeidspartisipaasje en Ynkommen, Kultuer en Underwiis yn har portefúlje. Ek is Stella van Gent de twadde lokoboargemaster yn Súdwest-Fryslân.
Njonken Stella van Gent waarden noch fjouwer froulju en twa manlju yn it lanlik bestjoer fan de PvdA keazen. It partijkongres fan de PvdA fynt plak yn Amsterdam.