Hûnderten minsken op strjitte nei brânalarm yn winkelsintrum Bilgaard

Hûnderten minsken yn winkelsintrum Bilgaard en omlizzende winkels moasten freedtemiddei hommels nei bûten ta, nei't it brânalarm yn it winkelsintrum ôfgien wie. Omdat net dúdlik wie wêrom't it alarm ôfgie, hat de brânwacht dat dêrnei besocht út te sykjen. It is net dúdlik oft se wat oantroffen hawwe.
© Anton Kappers
Nei it ôfgean fan it brânalarm waarden alle klanten en it personiel nei bûten ta stjoerd. Dêrom koenen se even net wurkje. Ien kapster gie wol gewoan fierder mei wurkjen. Sy naam in skjirre en in kaam mei en gie op strjitte oan de slach.
© Anton Kappers