Frysk Sjongers Gala: multykulty en te sjen op TV
Frysk Sjongers Gala: multykulty en te sjen op TV
It Fryske liet sintraal yn in sjyk en smûk galakonsert: dat is it Frysk Sjongersgala. Op himsels is dat konsept al unyk, mar de organisaasje docht der dit jier noch in skepke boppe-op mei in multykulturele opset. Op sneon 24 novimber fynt alwer de sânde edysje fan it gala plak yn de Lawei yn Drachten. Dit jier nimt Omrop Fryslân dat spektakel op en stjoert it oan de ein fan it jier, yn de krystfakânsje, út op telefyzje.
Foar dy gelegenheid sprutsen wy mei organisatoaren fan it gala en sjongers dy't harren hurd meitsje foar it Fryske liet en de kultuer: Griet Wiersma en Piter Wilkens.
Dit jier fynt de 7de edysje fan it Frysk Sjongers Gala plak. Hoe is it gala ûntstien?
"De winsk om in konsert, wêryn't it Fryske liet safolle mooglik sintraal stiet foar in publyk fan leafhawwers te hâlden, bestie al langere tiid. In oade oan it Fryske liet en de Fryske muzyk, dêr't de artysten sa goed mooglik ta harren rjocht komme soenen; in sjyk en smûk galakonsert. Gjin doarpsfeest- of feesttintesfear, mar wol feest! Folslein yn it Frysk of yn in Fryske streektaal, mei in ferskaat oan Fryske artysten en muzikanten. It Fryske liet, de Fryske muzyk, fertsjinnet dat en der is ek genôch belangstelling foar en faaks sels ferlet fan. Dat hat wol bliken dien, want alle konserten rekken fuort útferkocht!"
Piter en Griet, hoe soene jimme it Frysk Sjongers Gala omskriuwe wolle?
''As Stichting Frysk Sjongers Gala wolle wy it Fryske liet yn de breedste sin hearre litte en meinimme nei de takomst. Sa leverje wy in bydrage oan it behâld en ûntjouwing fan de Fryske taal en kultuer, mei de bêste muzikanten dy't Fryslân hat en op in moaie lokaasje. Alle jierren soargje wy foar in oare gearstalling, mar elke edysje giet it fansels wer om in nijsgjirrich programma rûnom it Fryske liet.''
In miks fan âld en fertroud, nij en ferrassend, muzikale útstapkes, gewoane en ûngewoane arranzjeminten. En, multykultureel.
Wat makket it Frysk Sjongers Gala sa bysûnder foar jimme?
"Der is net in ferlykber programma. Dat hat der ek nea west, it is unyk. Us Gala sprekt in grut publyk oan en biedt tagelyk poadiumkeunst fan hege kwaliteit. Fan lytse harksankjes mei allinnich gitaar- of pianobegelieding, oant breedút arranzjearre útfieringen mei band en orkest. It âlde, rike Fryske liet repertoire kin oanhelle wurde, mar der moat foar it gala ek romte wêze foar nije lieten en jong talint. Dat makket it unyk. It publyk is fan alle leeftiden, mei útienrinnende eftergrûnen en dochs op de Galajûnen sa ferbûn mei-inoar troch de meast tagonklike Fryske kultuerfoarm: it Fryske Liet."
It gala is breder as allinnich 'Frysk'; wêrút blykt dat dit jier?
"Dit jier wurde artysten útnûge dy't al lang yn Fryslân wenje, mar in oare kulturele eftergrûn ha. Súd-Amerikaansk, Afrikaansk, East-Europeesk, gean sa mar troch. Ek dit is hiel bysûnder, om't it nea earder dien is. Dat alles moat soargje foar prachtige cross-overs en duetten, sawol kwa taal as muzyk."
Is it al bekend hokker artysten der optrede sille?
''Wy binne noch drok dwaande mei it programma. Sa as alle jierren kinne minsken yn alle gefallen optredens fan Gurbe Douwstra, Anneke Douma, Piter Wilkens en mysels ferwachtsje", fertelt Griet. "Fierder binne wy noch dwaande mei in ferrassend nij en jong talint en komt Denise Rivera mei in surprise-act.''