F-16 makket foarsoarchslâning op fleanbasis Ljouwert
In F-16 hat freedtemiddei in foarsoarchslâning meitsje moatten op de fleanbasis Ljouwert. Krekt neidat it tastel de loft yngien wie, wiene der problemen. Dêrtroch moast de piloat rjochtsomkeard meitsje.
Op de lâningsbaan waard it tastel opwachte troch fjouwer brânwachtauto's. De piloat is mei help fan in ljedder út it fleantúch helle. Wat der krekt oan de hân wie, is noch net dúdlik.