Persoan om it libben kaam by auto-ûngelok op N359 by Winsum

Deade by oanriding op N359 by Winsum
By in swier ûngelok op de N359 by Winsum is freedtemiddei ien persoan om it libben kaam. In oare ynsittende rekke beknypt, dy is nei it sikehûs ta brocht. De ferwûningen fan dy ynsittende binne net bekend.
© Kappers Media
De twa ynsittenden fan de oare auto binne net ferwûne rekke.
Twa auto's wienen mei elkoar yn oanriding kaam. Hoe't dat barre koe, wurdt ûndersocht troch ferkearsspesjalisten fan de Verkeersongevallennalyse.